Referindum Frjentsjerteradiel

09 jan 2009 - 07:01

Ynwenners fan Frjentsjerteradiel kinne wer in referindum oanfreegje. De âlde gemeenterie skraste dy mooglikheid yn 2006, tongersdeitejûn besleat de nije rie it referindum wer yn te stellen.

De Christen Unie stimde tsjin it foarstel. De partij fynt de mooglikheid fan in referindum betiizjend. It liket neffens de Christen Unie dat boargers mei sa'n referindum besluten fan de gemeenterie weromdraaie kinne. De grûnwet stiet dat lykwols net ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)