Reekmjittings brân bekend

29 jul 2014 - 16:15
  • Grutte reekwolken boppe it fabryk fan FrieslandCampina yn Gerkeskleaster

De mjittings dy't dien binne yn de reek dy't frijkaam is by de brân yn Gerkeskleaster hawwe oantoand dat der gjin ekstra skealike stoffen yn de reek sitte. Dat meldt de gemeente Achtkarspelen. Dat betsjut lykwols net dat de ruten en doarren wer iepen kinne, want de reek bliuwt skealik.

Lokoboargemaster Gerda Postma fan Achtkarspelen wol sa gau as mooglik oerlis mei de direksje fan FrieslandCampina oer hoe't it no fierder giet mei it tsiisfabryk yn Gerkeskleaster. It behâlden fan de wurkgelegenheid foar de regio stiet dêrby foarop.

De brân is yn de fiere omkriten te rûken, en geregeld komme der ek flinke reekwolken oer. Sels út It Hearrenfean wei komme der meldings.

It reguliere nûme fan de gemeente is iepen foar boargers dy't fragen hawwe. Dat nûmer is 140511.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)