Reekealtsjes spotte út de loft

26 maaie 2014 - 08:23
  • Mathys Breidenbach mei de 'reekealtsjesiker'

Bistebeskerming Fryslân en It Fryske Gea sette nije middels yn om reekealtsjes yn de maitiid fan de dea te rêden. Tenei wurde de greiden ôfsocht mei help fan kamera's op modelfleachtúchjes. Sa kin sjoen wurde wêr yn it hege gers oft de bistjes sitte. As se net bytiids oppakt wurde, is de kâns grut dat de boer de kealtsjes by it meanen deamakket.

It eksperimint is opset yn gearwurking mei studinten fan de NHL yn Ljouwert. Troch de ynset fan de moderne technology hopet de bistebeskerming no yn minder tiid mear lân ôfsykje te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)