Reekealtsje-rêders socht

13 apr 2014 - 15:59
  • Dea reekealtsje troch meanmasine

De Dierebeskerming siket frijwilligers dy't reekealtsjes út it hege gers rêde wolle. It is foar de twadde kear dat soks bart. Ferline jier hawwe ek al in soad frijwilligers meiholpen. Reekealtsjes spatte net op út it hege gers, as der in meanmasine oan komt. Se bliuwe stil lizzen.

De Dierebeskerming Fryslân ropt boeren en leanbedriuwen op om goed wach te wêzen op bisten yn it gers. Boeren kinne maatregels nimme by it meanen, mar dat is net altyd genôch. Dêrom binne der ek frijwilligers nedich om de reekealtsjes út it gers te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)