Reek Moerdijk net yn Fryslân

06 jan 2011 - 16:41
  • It bedriuw Chemie Pack baarnde folslein út

De grutte brân yn Moerdijk liket foarearst gjin skealike gefolgen te hawwen foar Fryslân. De reekwolken yn it Rijnmond-gebiet sille Fryslân nei alle gedachten net berikke. Alle Fryske boargemasters binne tongersdeitemiddei op de hichte brocht.

De gefolgen fan de brân by Chemie Pack binne noch net folslein dúdlik. Akút gefaar foar de omjouwing is der net, mar sûnensrisiko's op langere termyn binne der miskyn wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)