Reedrydtoerisme troch iisflier

07 feb 2012 - 23:22

As gefolch fan de ferwachting fan in Alvestêdetocht, komme minsken al út alle hoeken fan it lân om op it Fryske natueriis te riden of bekinde Alvestêdeplakjes te besjen. Sa reizgje minsken mei de trein út Brabân wei om de Bonkefeart te besjen. Ek los fan de Alvestêdekoarts lûkt it natueriis in soad reedriders nei Fryslân. In soad ferhierders fan akkommodaasjes advertearje mei reedrydoanbiedings.

Op plakken mei goeie tagong nei trochgeande reedrydrûtes steane auto's yn rijen parkeard. Ek by de Bonke is de parkeardrokte grut.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)