Reedrydteam fan Manon Kamminga hâldt op te bestean

12 apr 2016 - 14:51

Reedrydteam Stressless, mei ûnder oaren Manon Kamminga, hâldt op te bestean. It team kin gjin nije sponsor fine. Ein jannewaris makke haadsponsor Stressless bekend nei it seizoen op te hâlden as jildsjitter. Trainer Bart Veldkamp tinkt dat de riders fan Team Stressless gau oare teams fine om te riden.

Meikoarten begjinne de measte reedriders mei de tariedings op it Olympyske winterspelen. Dy binne oer twa jier. Njonken Kamminga ride ûnder oaren Jan Blokhuijsen, Bart Swings, Brittany Bowe en Joey Mantia foar Team Stressless.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)