Reedrydster Thijsje Oenema moat ûnder it mes

05 nov 2015 - 08:23

Reedrydster Thijsje Oenema fan De Jouwer moat ûnder it mes. De sprintster fan Team Continu lit freed in kyste yn har ûnderbúk ferwiderje. Oenema moat hjirtroch yn elts gefal de earste twa wrâldbekerwedstriden fan it seizoen misse.

Se soe dizze moanne de 500 meter ride yn Calgary (13-15 novimber) en Salt Lake City (20-22 novimber), mar dat giet dus net troch. Oft Oenema de wrâldbekerwedstriden yn Inzell en It Hearrenfean begjin desimber wol ride kin, is noch net wis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)