Reedrydster Maria Sterk stapt op

30 nov 2005 - 17:22

Reedrydster Maria Sterk fan Hallum is opstapt by maratonploech Zuidema Kranen. Se is it net iens mei de beslissing fan ploechlieder Klasina Seinstra om trainer Syb Hoekstra dien te jaan.

Hoekstra moast foarige wike fuort omdat twa oare ploechleden, Nynke Huitema en Annelies Passchier, net tefreden wiene oer de trainer. Sterk sil no tegearre mei Hoekstra it seizoen ôfmeitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)