Reedrydseizoen begjint wer

29 okt 2008 - 16:01
  • Ride op Thialf (foto: Martin de Jong)

Freed, sneon en snein binne de nasjonale ôfstânskampioenskippen reedriden yn Thialf. De reedriders binne bliid dat se it iis wer op kinne nei in simmer fol trainingen.

Foar it kampioenskip is in kwalifikaasje foar de World Cups de ynset. Wa't net by de earste fiif sit, giet net mei yn it earste sirkwy en moat wachtsje oant de allround kampioenskippen. Alle ploegen ha nije reedriderspakken krigen foar it nije seizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)