Reedrydseizoen begjint freed

31 okt 2014 - 14:15
  • Reedriden

It reedrydseizoen begjint freedtemiddei om 14.30 oere op It Hearrenfean mei it NK ôfstannen. Yn Thialf bite de manlju it spits ôf op de 500 meter. Dêrnei folget de 5 kilometer foar manlju, wêrnei't de twadde 500 meter ferriden wurdt. De froulju slute de earste NK-dei ôf mei de 1500 meter.

Fryske troeven by de manlju binne Sven Kramer, Jorrit Bergsma en Jan Smeekens. By de froulju steane der in soad Fryske toppers oan de start, mei ûnder oare Ireen Wüst, Antoinette de Jong, Marrit Leenstra, Margot Boer en Thijsje Oenema.

By it NK ôfstannen kinne neist nasjonale titels ek tickets fertsjinne wurde foar de wrâldbekerwedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)