Reedrydfroulju winne ploege-achterfolging en de wrâldbeker

13 des 2014 - 17:07
  • De ploech mei Marrit Leenstra, Carlijn Achtereekte en Linda de Vries

De Nederlânske reedrydfroulju hawwe sneon de winst pakt yn it wrâldbekerklassemint op it ûnderdiel ploege-achterfoling. By de wrâldbekerwedstriden yn Thialf bleau de Nederlânske ploech, mei dêryn Marrit Leenstra fan Wikel, Carlijn Achtereekte en Linda de Vries, as iennige ûnder de 3 minuten. De froulju klokten in winnende tiid fan 2.59.69. It is de tredde winst fan it seizoen. Dêrmei hat Nederlân de wrâldbeker binnen.

It sulver gong nei de Dútske froulju, dy't de tiid stilsetten op 3.01.96. De Poalske ploech pakte it brûns mei 3.02.31

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)