Reedriders rap op Thialfiis

12 nov 2010 - 21:19

Joji Kato en Shani Davis binne de earste winners by de manlju fan it nije wrâldbekerseizoen. De Japanner Kato wûn op it iis fan Thialf de 500 meter yn 34.85, de Amerikaan Davis de 1000 meter yn 1.08,40. Dat wie mar ienhûndertste boppe syn baanrekôr.

Op de 500 meter waard Jan Smeekens fjirde en Stefan Groothuis sechsde. Ronald Mulder rûn in slimme ljiskblessuere op. Op de 1000 meter einige Groothuis as twadde en Simon Kuipers as tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)