Reedriders net werom foar iis

29 jan 2012 - 16:11

De maratonreedriders bliuwe op de Weissensee, ek al is in soad froast op komst. It reedridersbûn hat dat nei oerlis mei de riders en fjouwer natueriisklups besletten. Veenoord, Noordlaren, Haaksbergen en Gramsbergen besykje alle kearen de earste maraton op natueriis te organisearjen. De maratonriders meitsje kommende wike it plande programma yn Eastenryk ôf.

Neffens Arie Koops fan de KNSB hâldt elk de foarsizzings goed yn de gaten. As de froast echt trochset en der wedstriden op natueriis op bûtenwetter komme, wurdt besjoen oft wedstriden yn bygelyks Italië en Sweden oergeane.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)