Reedriders hâlde skip tsjin

11 jan 2009 - 16:38
  • It skip leit stil midden yn it soal (foto: Harry R. Schuil)

Opnij hat in grut frachtskip foar argewaasje soarge yn Earnewâld. It skip fear snein troch it tichtferzen soal fan it Sigersdjip. Dêr wie it op dat stuit smoardrok mei reedriders. In groepke riders hat it skip ta stilstân brocht troch derfoar stean te gean.

Wie it skip trochfearn, dan wie foar in hiel soad minsken de weromtocht nei it doarp ûnmooglik en soene se net mear fan it iis kinne. Ferline wike fear ek al in skip it iis by Earnewâld stikken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)