Reedrider Sven Kramer 4e op EK

17 jan 2006 - 11:03

Reedrider Sven Kramer fan Aldskoat is mei in 4e plak op it EK de bêste Nederlanner wurden. De Italiaan Enrico Fabris waard yn it Noarske Hamar snein Europeesk Kampioen. It is foar it earst sûnt 1980 dat der gjin Nederlanner op it poadium stie.

Op de 10 km wie Kramer ticht by de oerwinning, mar hy moast de Noar Lasse Saetre foar gean litte. Twadde op it EK waard Eskil Ervik en it tredde plak wie foar Havard Bokke, beide út Noarwegen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)