Reedrider sjit ûnder it iis

20 jan 2001 - 15:50

Plysje en brânwacht hawwe freed by De Jouwer in 55-jierrige Jouster ûnder it iis wei helle. De man sakke by de Jouster slûs mei trije maten troch it iis. De man bedarre dêrby ûnder it iis.

Plysje en brânwacht hellen de man mei help fan in surfplanke út it wetter. De man hie doe al 10 menuten ûnder it iis lein. De man is yn soargelike tastân opnommen yn it sikehûs fan Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)