Reedride by skoalle Boalsert

17 jan 2008 - 15:47
  • Skoalbern yn Boalsert krigen reedrydles fan Barbara de Loor
  • Mei syn allen op de foto

Skoalbern yn Boalsert krigen tongersdei op in syntetyske iisbaan by skoalle reedrydles fan Barbara de Loor. Doel is de bern entûsiast te meitsjen foar it riden en se bewege te litten. Boppedat is it wer ris in kâns dat de bern op 'e izers stean.

Reedridersbûn KNSB hat de baan regele. De syntetyske iisbaan giet dit winterseizoen nei tweintich skoallen. De Sint Maartenskoalle yn Boalsert is dêr ien fan. Der wiene 500 oanmeldings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)