Reedride op ûnderrûn lân

14 jan 2013 - 12:16
  • Reedride
  • Reedride op polder

Der kin yn Fryslân wer reedriden wurdt op stikken lân dy't ûnder wetter rûn binne. De feart út is noch net mooglik. Snein waard al riden by Ryptsjerk en moandei ek by Eagmaryp. Dêr wiene moandeitemoarn al in stik of tsien riders en dat sille der middeis mear wurde. It iis is fertroud op dy plakken.

As it noch it nachtsje friest, kin tiisdei op it Nannewiid ek riden wurde, sei âld-sprint- en maratonkampioen Marten Hoekstra. Hy bûn de redens ek ûnder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)