Reedride op Ryptsjerkerpolder

29 des 2005 - 10:50

Op de Ryptsjerkerpolder waard woansdeitemoarn foar it earst dit winterseizoen reedriden. De manlju Leo Schuil en Jochem de Vries doarden it oan op it hiele tinne en minne iis by Ryptsjerk. It iis is min omdat it in kombinaasje is fan iis en snie.

Boppedat is de sinne der by en dêrtroch nimt it gefaar om der trochhinne te sakjen ta. De beide manlju warskôgje oare minsken dan ek om foaral net it iis op te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)