Reedride no't it noch kin

11 jan 2009 - 17:10
  • Foto Henk Bootsma

Op it Fryske iis wiene dit wykein in hiel soad reedriders te finen. Tsientûzenen bûnen de redens ûnder, want de ferwachting is dat it miskien wol ris de lêste dei wêze koe. Op ferskate plakken wie it dêrtroch sa drok dat it foar ferkearsgaos soarge.

By Aldegea en op de Rypstjerksterpolder wie it bygelyks sa drok dat it dreech wie om der mei de auto by te kommen. Mar ek op oare plakken wie it drok op en by it iis, lykas yn Earnewâld en omkriten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)