Reedride foar Afrika

14 nov 2013 - 14:07
  • Reedride troch skoalbern foar Afrika

Sa'n 1200 Fryske skoalbern hawwe tongersdei reedriden yn Thialf om jild te sammeljen foar wetterprojekten yn Afrika. 'Schaatsen en Zwemmen voor Water' wurdt om it jier rûnom yn Nederlân hâlden. Dit is de trettjinde edysje. De lêste kear is hast 600.000 euro ophelle.

De bern krije op skoalle in lespakket mei dvd en gastsprekkers. Dy fertelle dat der grut ferlet is fan skjin wetter yn de Tredde Wrâld. It jild giet dit jier nei Uganda foar wc's en wetterputten. Dêrneist krije Ugandezen oplieding yn hygiëne.

De skoalbern ride rûntsjes dy't sponsoarre wurde troch freonen en famylje. Freed en oare wike tiisdei wurdt noch swommen yn Warkum. De aksje is opset troch Plan Nederland, in ûntwikkelingsorganisaasje dy't him spesjaal rjochtet op bern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)