Ree op Skiermûntseach

26 jul 2013 - 10:07
  • Skiermûntseach

Der is in ree sjoen op Skiermûntseach. In man naam in foto fan in pear hynders yn in greide en seach pas letter dat der in ree op de foto stie. It is foar it earst yn fjouwer jier dat der wer in ree op it eilân is. It giet nei alle gedachten om in reebok, dy't de konkurrinsje mei in oare bok net oankoe en swimmend oer it Waad in oar plak socht.

Salang't reeën sels sûnder help it eilân berikke kinne, fynt natoerbehearder Natuurmonuminten it prima dat der in ree omswalket.

De kâns is lykwols grut dat de reebok it eilân wer ferlit, want der is op it eilân gjin wyfke te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)