Ree op Skier sjoen

05 aug 2009 - 09:46
  • Op Skiermûntseach is in ree sjoen

Op Skiermûntseach is tiisdei in ree sjoen. Nei de foksen op Flylân en herten op Skylge wurdt it in wûnderlike bisteboel op de Waadeilannen. De foksen en de herten binne net wolkom, mar reeën kinne gjin kwea op in eilân. Jan Holwrda seach it bist by de Koaiplas, dêr't de ree út in maisfjild kaam en de dyk oerstuts.

It is bysûnder dat it bist him by ljochtskyndei sjen liet. Wêr't de ree weikomt is net dúdlik. Mooglik is er by leechwetter it Waad oerswommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)