Reduzum wol mear ynfloed

28 nov 2010 - 15:31

Doarpsbelang Reduzum hopet aanst mear ynfloed te krijen as se by de gemeente Ljouwert komme. Dat stiet yn it masterplan dat doarpsbelang sneon presintearre yn doarpskafee De Welp. No heart Reduzum noch by Boarnsterhim mar dy gemeente wurdt opdield.

In pear jier lyn hie it doarp in soad te sizzen oer besluten dy't de gemeente yn it doarp nimt, omdat der doe doarpsbehear wie. Dat behear is der no net mear, mar doarpsbelang hopet dat yn de takomst wer te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)