Rêdingsswimmers Waad net oer

25 sep 2010 - 11:05

In groep fan 35 rêdingsswimmers út Borken yn Dútslân wie sneon fan doel om acht kilometer fan Holwert nei It Amelân te swimmen. Mar dat giet yn ferbân mei de hurde wyn en de fûle buien net troch.

De KNRM fan It Amelân hat de groep witte litten dat it net ferantwurde is. De groep sil no mooglik in alternatyf stik swimme by Bueren op It Amelân oer in ôfstân fan trije kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)