Rêdingspost foar oaljerampen

08 okt 2010 - 16:18

In spesjale rêdingspost moat derfoar soargje dat de Waadsee en Noardsee yn 'e takomst better beskerme wurde tsjin grutte oaljerampen. Begjin dit jier wie der in grutte ramp by Amearika en dêrom hat it Staatstoezicht op de Mijnen ûndersyk dien nei de Nederlânske situaasje.

Dêrút die bliken dat it hjir in stik feiliger is, mar dat de situaasje wol better kin. Ien fan de saken dêr't no oan wurke wurdt is in rêdingspost mei allegear materiaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)