Rêdingsplan Thialf hast klear

18 jun 2003 - 00:00

It rêdingsplan foar it iisstadion Thialf op It Hearrenfean is fierhinne klear. Twa partikuliere ynvestearders, de gemeente It Hearrenfean en de provinsje Fryslân soene ree wêze jild yn it stadion te stekken.

De finansiering foar de ferbouwing fan de lytse iishal is ek rûn. Der is lykwols noch gjin oerienstimming mei de grutoandielhâlder. As dat foar heal july net slagget, wurdt mooglik it fallissemint oanfrege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)