Rêdingsplan foar stienûle

31 jan 2006 - 09:07

Landschapsbeheer Friesland wol yn de maaitiid úteinsette mei de rêding fan de stienûle yn Fryslân. Der briede noch mar sa'n fyftjin pearkes yn de provinsje.

Der is no in plan betocht om yn seis jier tiid de soart werom te krijen op tweintich plakken. Dat bart troch frij lytsskalige maatregels, lykas oar behear fan de râne fan it fjild. Dat moat mear mûzen en dus mear iten foar de ûlen opsmite.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)