Rêdingsplan Cambuur komt klear

21 mrt 2006 - 00:00

De gemeente Ljouwert sil de grûn ûnder it Cambuurstadion foar 500.000 euro ferkeapje oan de fjouwer sakelju dy't Cambuur rêde wolle. Wethâlder Hafkamp fan Ljouwert hat dat tiisdeitemiddei bekend makke. It bedrach fan fiif ton soe likernôch marktkonform wêze.

De krediteuren fan Cambuur hawwe dermei ynstimd dat se mar in fyfte part fan it jild dat Cambuur skuldich is werom krije. Mei dizze maatregels is in fallisemint fan 'e klub fan 'e baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)