Rêdingsoefening by Drachten

28 mrt 2005 - 13:14

De regionale oefening fan de rêdingsbrigades yn Nederlân is sneon suksesfol ferrûn. Dit kear waard de oefening holden op de Ie by Drachten. Mear as 100 helpferlieners en frijwilligers wiene yn it spier.

Dielnimmers wiene leden fan 17 rêdingsbrigades, de brânwacht, de plysje, EHBO en Lotus. De organisators hiene trije rampen betocht. Sa wiene der fiskers swier ferwûne rekke, bruts der brân út en wie der eksploazjegefaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)