Rêdingsmaatskippij betinkt rêders dy't omkaam binne

11 nov 2014 - 12:25
  • KNRM  rêdingsboat

De Keninklike Nederlânske Rêdingsmaatskippij fiert tiisdei har 190-jierrich jubileum. Dêrby wurdt ek stilstien by de 69 rêders dy't yn dy 190 jier om it libben kamen by in rêdingsaksje. De betinking fynt plak by it Nasjonaal Monumint foar it Nederlânske rêdingswêzen yn Den Helder. Yn de rin fan de jierren is it tal rêdings flink tanaam. Moast de KNRM 190 jier lyn noch seis kear yn it jier yn aksje komme, hjoed-de-dei is dat sa'n seis kear op in dei.

Yn Fryslân binne acht rêdingsstasjons fan de KNRM aktyf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)