Rêdingsbrigades farre foar 3FM

20 des 2010 - 08:51

In groep fan acht meiwurkers fan de rêdingsbrigade yn Drachten is snein úteinset mei in kâlde fartocht fan Bergen op Zoom nei Eindhoven.

Sy farre yn in iepen boat mei yn in kolonne fan 18 boaten fan ferskate rêdingsbrigades. De fartocht is bedoeld om jild yn te sammeljen foar it goeie doel. Yn Eindhoven stiet it Glazen huis fan radiostjoerder 3FM. Dêr wurdt in wike lang jild ynsammele foar Aidswezen yn Afrika. Der is oant no ta 7500 euro ophelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)