Rêdingsbrigade fan De Lemmer yn it spier foar nije romte

11 jun 2015 - 20:41
  • Rêdingsbrigade yn aksje

De rêdingsbrigade fan De Lemmer komt sneon yn aksje foar in betelbere ferieningsromte. Sy hiene in eigen, selsmakke gebou, mar dat waard sloopt troch de gemeente Lemsterlân. Ynstee dêrfan soene sy in oare romte krije by it nije swimbad op De Lemmer.

De hier fan dy romte is lykwols fierstente heech foar de feriening. De gemeenteried fan Lemsterlân kaam har temjitte, mar dat sneuvele by de provinsje doe't Lemsterlân opgong yn de nije gemeente de Fryske Marren. En no sit de rêdingsbrigade mei in romte dy't sy net betelje kinne.

Der wie noch hope dat de gemeente dizze moanne mei in oplossing komme soe, mar dat is net slagge. Dêrom wurdt der sneon aksje fierd op De Lemmer en De Jouwer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)