Rêdingsboei fan de 'Kaat Mossel' is nei 15 jier wer teplak

05 nov 2015 - 21:18
  • Leendert Ferwerda jout de rêdingsboei werom

Nei 15 jier is de rêdingsboei fan de sylklipper 'Kaat Mossel' werom by de eigenaresse Netty Reder. De boei is troch strânjutter Leendert Ferwerda oerdroegen oan de famylje. Jierren lyn ferlearen sy de boei op see. De strânjutter hat him fûn en yn syn juttersmuseum by de Seedykstertoer yn Marrum hongen.

Loekje van der Ham-Reder seach de boei yn in folderke stean en fertelde dat oan har suster. Dy woe de boei graach wer ha en die in bod by Ferwerda. Dat woe de bûtsiker net oannimme, hy woe him graach oan har jaan.

De klipper kaam yn 1971 yn it besit fan de famylje Reder. Dizze waard yn 1972 doopt ta 'Kaat Mossel'. It skip is ûndertusken wer ferkocht, mar hat noch grutte sentimintele wearde foar de famylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)