Rêdingsboat Skier yn aksje

13 aug 2007 - 10:07

De rêdingsboat Koning Willem I fan Skiermûntseach moast snein in skip helpe dat te min brânstof oan board hie. It jacht Pantanal wie ûnderweis fan Cuxhaven nei Skylge, mar rôp boppe Skier de help fan de KNRM yn. De rêdingboat hat it jacht bytankt, sadat it fierder farre koe.

Ek de bemanning fan de sleepboat Magnus hie help nedich. In man oan board fan dat skip wie ferwûne rekke. Hy is nei it sikehûs fan Dokkum brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)