Rêdingsboat Skier yn aksje

09 aug 2007 - 10:42

De rêdingsboat fan Skiermûntseach moast woansdei yn aksje komme om in platboaiem wer flot te lûken. De boat út Utrecht wie troch ûnachtsumheid fan de bemanning út koers rekke en oan de grûn rûn. Dêrop waard it anker útsmiten, mar troch wyn en wetter knapte de line en kaam de boat noch fierder fêst te sitten.

De rêdingsboat fan Skier hat de platboaiem loslutsen en sa koe it skip wer nei Lauwerseach farre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)