Rêdingsboat Skier yn aksje

09 aug 2004 - 12:28

De rêdingsboat fan Skiermûntseach hat snein in militêr werombrocht nei Lauwerseach. De man wie yn de haven fan Lauwerseach yn sliep fallen op in boat. Dat barde nei syn promoasje ta wachtmaster. Wylst de man lei te sliepen wie de boat ôfset nei Skylge.

De rêdingsboaten fan it KNRM-stasjon op Skiermûntseach moasten it wykein faker yn aksje komme. Sa moasten twa syljachten en in omboude garnalekotter flotlutsen wurde nei djipper wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)