Rêdingsboat Skier kin net farre

19 feb 2004 - 00:00

De rêdingsboat fan Skiermûntseach kin aanst net mear útfarre en minsken yn need op it Waad helpe. Dat komt troch in sânrêch by it lisplak. Rykswettersteat seit gjin jild te hawwen om de ûndjipte út te baggerjen.

En de sânrêch wurdt yntusken hieltyd grutter. Neffens boargemaster Sybesma fan Skiermûntseach komt sa de feiligens op it Waad yn gefaar. De gemeente hat de Twadde Keamer ynljochte oer de gefaarlike situaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)