Rêdingsboat oan it speeddaten

14 feb 2011 - 17:36

Rêdingsboat Annie Jacoba Visser fan Lauwerseach siket nije frijwilligers. Om dy te finen waard der op Valentijnsdei oan speeddating dien op Boot-Holland yn Ljouwert.

Oant 55 jier âld meie frijwilligers op de boat meidraaie. Fierder moatte se binnen in kertier op de haven yn Lauwerseach wêze kinne. De aksje smiet twa speeddates op mei serieuze gadingmakkers. Dat is noch wat te min, want de rêdingsboat kin noch wol fjouwer aspirantrêders brûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)