Rêdingsboat It Amelân al 100 kear yn aksje dit jier

27 jul 2015 - 17:32
  • In rêdingsboat fan de KNRM

De rêdingsboat fan de KNRM fan It Amelân hat it ôfrûne wykein de 100e pasjint oerbrocht. Gemiddeld bringe se yn in hiel jier sawat 125 minsken nei de fêste wâl. It is wol bysûnder dat de teller no al op 100 stiet. Skipper Theo Nobel hat dêr gjin ferklearring foar.

De KNRM bringt fan alle eilannen pasjinten nei de fêste wâl, mar wurdt ek sa'n 75 kear yn it jier ynsetten om minsken fan in skip te heljen en ûngefear 50 kear moatte se op it strân yn aksje komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)