Rêdingsboat helpt Finsk syljacht

19 maaie 2006 - 20:05

De rêdingsboat Koning Willem I fan Skiermûntseach hat freedtemoarn holpen om in syljacht út Helsinki feilich fan de Noardsee nei de haven fan Lauwerseach te slepen.

De bemanning fan it sylskip woe fanwege it minne waar net langer op de Noardsee farre, mar op de Waadsee. Personiel fan de fjoertoer fan Skiermûntseach seach dat de bemanning fan it skip it tige dreech hie mei it farren yn de ûndjipten yn de see.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)