Rêdingsboat Gebr. Luden werom?

24 jan 2003 - 00:00

Der binne plannen om de rêdingsboat Gebroeders Luden werom te heljen nei Lauwerseach. In groepke minsken is yn ûnderhanneling mei de eigner fan de motorboat om dat safier te krijen. It skip moat dan in plakje krije yn in soart museumhaven.

De Gebroeders Luden hat fan 1965 ôf tsjinst dien as rêdingsboat. Dêrfoar hie de rêdingsmaatskippij it skip Insulinde yn de feart. Der hawwe ek plannen west om dy boat werom te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)