Rêdingsaksjes yn peaskewykein

26 apr 2011 - 10:27
  • Argyffoto Omrop Fryslân

Rêdingsboaten binne dit peaskewykein in tal kearen yn aksje kaam op Fryske wetters. In lek sylskip benoarden Flylân krige wetterpompen oan board en koe sa holpen wurde. It skip is nei de haven fan Skylge brocht.

Op 'e Lauwersmar is in skip holpen dat oan 'e grûn siet. By Grynt lizze op dit stuit ek noch twa skippen fêst. Dy kinne nei alle gedachten tiisdei by heechwetter wer los komme. Op 'e Iselmar moasten helpferlieners ek ferskate kearen yn aksje komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)