Rêdingsaksje op Lauwersmar

31 jul 2012 - 14:05

Krekt bûten de slûs fan Lauwerseach is tiisdeitemiddei in sylboat omslein mei in man en in frou út Vriescheloo oan board. Sy rekken beide yn it wetter. De man koe al gau rêden wurde troch in oar skip, it helpen fan de frou wie wat dreger. Sy hat 20 minuten yn it wetter lein.

Ferskate helptsjinsten, wêrûnder de rêdingsboat en dûkers fan de brânwacht waarden oproppen. Uteinlik naam in bergingsbedriuw de frou oan board. De man en de frou binne mei ûnderkuollingsferskynsels nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)