Rêdingsaksje kotter yn gong

08 des 2008 - 11:07

De rêdingsboaten fan Flylân en Skylge binne noch hieltiid drok dwaande om wetter út de fiskkotter boppe Flylân te pompen. De kotter kaam moandei betiid op 30 kilometer boppe Flylân yn oanfarring mei in frachtskip. Beide boaten hawwe skea oprûn oan de romp.

De fiskkotter makke nei de botsing wetter. Der binne gjin minsken ferwûne rekke. It frachtskip kin op eigen krêft fierder en wurdt ûnder begelieding fan de kustwacht nei Amsterdam brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)