Rêdingboat nei 97 jier op Skylge

27 jun 2004 - 15:40

De âldste motorrêdingsboat fan Skylge is nei 97 jier wer thús. De Rutgers van Rozenburg wie eartiids al bedoeld foar Skylge mar gie op it lêste momint nei Scheveningen. Troch ynternet binne de eilanners it pronkstikje wer op it spoar kaam. Sneon waard de boat de offisjeel op 'e nij doopt troch deputearre Andriesen.

Troch âlde en nije rêdingsboaten, in wetterkanon en in grut tal gasten waard it skip de Skylger haven binneloadst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)