Rêding troch Hr. Ms. Friesland

01 mrt 2013 - 19:09
  • fregatten

It patrûljeskip Hr. Ms. Friesland fan de Keninklike Marine hat tongersdei yn de buert fan Curaçao twa minsken rêden. De speedboat dêr't se yn sieten makke wetter. De kustwacht yn it gebiet krige de melding en skeakele de Hr. Ms. Friesland yn. It skip fiert op dit stuit dêr partrûljes út. Ek twa helikopters diene mei oan de sykaksje.

De beide lju oan board fan it boatsje binne oan board brocht fan de Ms. Friesland. It speedboatsje is sonken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)