Rêding Thialf wer ûnwis

24 sep 2003 - 00:00

It rêdingsplan foar Thialf is ûnwis wurden. As de ried woansdei net sûnder betingsten akkoart giet mei 1.8 miljoen euro, wurdt tongersdei it fallissemint oanfrege. De twivel is ûntstien nei't dúdlik waard dat de Steaten net mear as ien miljoen euro stipe jouwe.

Op It Hearrenfean waard tocht dat ek de provinsje 1.8 miljoen beskikber stelde. Dy hat seis ton tasein en jild foar de ferbouwing dy't nedich is foar it brânfeilich meitsjen fan de iishal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)