'Rêding Thialf hat prioriteit'

20 aug 2003 - 00:00

De nije eigner fan Thialf, Anton Zeilstra fan Aldtsjerk, sil de rêdingsplannen fan it iisstadion net yn 't paad sitte. Dat hat er dúdlik makke oan ynterim-direkteur Nieweg, dy't op 't stuit dwaande is mei in rêdingsplan foar it iisstadion.

De gemeente It Hearrenfean en de provinsje sille neffens dy plannen flink ta de bûse foar it iisstadion. De rêding fan Thialf hat de heechste prioriteit, sa seit Zeilstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)